Uw zoekacties: Films en geluidsopnames

Films en geluidsopnames ( Fries Film en Audio Archief )

beacon
1  films en geluidopnames
sorteren op:
 
 
 
 
Geluidsopname
AV0019FLMD Aent Rosenga, 1971
Datering:
1971
Titel Frysk:
Aent Rosenga
Serie:
Interviews Jongfryske Mienskip
Inhoud:
Tsjinstellings: Kalma koe as in 'kweajonge' skerp wêze tsjin it Ald Selskip, Jan jelles Hof en Doeke Zijlstra, dat sinde dy âlderen net fansels. Tydskriften: Sljucht en Rjucht mear foar 'Jan en alleman', It Heitelân stelde wat mear easken oan de lêzer. Rosenga sels net kreatyf warber mei taal, wol foardrager yn de famylje hân: Rozenga en Molenaar (Letter Krips & M), Meindert / Meint Rozenga (1854-1901), broer fan heit, wie skoalmaster te Marrum. Rozenga: mem wie út tradysje kristen, heit wie humanist. Aent R. soe himsels gjin kristen neame. Revolúsje-oprop Troelstra yn 1918 wie Rosenga wol foar, 'ik wie doe 18, bin no 71, der kin hiel wat feroarje'. Volkenbond: hat net folle úthelle, kaam dochs in twadde wrâldoarloch. Rosenga tinkt dat der in atoomoarloch komt, oer 5, 10 of 25 jier - 'dêrom bliid dat ik 71 bin'. By einbeslút is Rosenga syn oardiel oer de JFM posityf.
Ynhald:
Fraachtpetear Pytjon Sikkema mei Aent Rosenga (Aant) te Ljouwert oer de Jongfryske Mienskip. Oantinkens en fragen oan de hân fan listkes mei persoanen, organisaasjes, tydskriften. Rosenga kaam troch komponist Paulus Folkertsma by it Jongfrysk Sjongkoar, dat op in goede namme stie. Teksten fan Kalma en muzyk fan J.P. Wiersma. Wol by gearkomsten west mei ds. Wumkes yn de Kanselarij (KFS?) dêr't Kalma frijmoedich it wurd naam Toanielstik fan Kalma bywenne mei yn de haadrol frou Quarles van Ufford-Buma. Publyk miende ôfskiedingstendins en klapte, mar Kalma bêde dat del. Yn 'e trein nei Grins ris mei Kalma praat, oer yllustraasjes by syn fersen troch Wiersma. Lid west fan JFM of net? Rosenga wie yn elts gefal wat in 'buitenbeentje'. Afke de Lange en Piet(sje) Radsma oppennearren har wolris kritysk. Fytstochten: koarleden kamen foar úfieringen yn Ljouwert byninoar en fytsten dan nei in doarp, ûnderweis it heechste liet. Freonskip mei Paulus Folkertsma rekke letter wat op 'e eftergrûn, Folkertsma troude in hast 40 jier jongere frou (hja wie 18, hy 55). Wurk Schurer spruts Rosenga oan, J.P. Wiersma Aldfaers Erf minder ('bytsje reklame foar de Frico'), moaiste boek: dat fan Ulbe van Houten. Van H. wie grifformeard, Rosenga tinkt dat de measte Jongfriezen earder wat 'gematigd links' wiene. Oanroppen mei Brio!: wat skippers rôpen tsjin brêgewipper, dat hat de Jongfriezen har wat taeigene. Trant fan praten: measte Jongfriezen sa geef mooglik Frysk, Hollânismen keare. Sjongkoar: wol 90 persint by de blauwe knoop. Taal: Rosenga jout syn idee oer de stavering fan Liwwadders (net: Luwadders). Rosenga prate Frysk mei húsdokter Kuperus. Hy wit dat frou Quarles van Ufford de winkel út rûn (V&D) as it personiel gjin Frysk prate.
dichter:
Aent Rosenga (Wommels, 6-1-1900 - Ljouwert, 10-7-1995)
Maker:
Pytjon Sikkema
Opdrachtgever:
Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk
Bronformaat:
Bandrecordertape ¼ inch
Tijdsduur:
2:05:00
Collectie:
Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum